Lokaasje MFC Harkema bepaald

08 jan 2004 - 00:00

It multyfunksjoneel sintrum yn De Harkema komt oan de Ikeloane. Lang om let is der in beslút nommen oer de lokaasje. Al tsien jier is der praat oer de bou fan it sintrum. It komt tusken de kristlike basisskoalle en it Klubhuis.

Dat is geskikt om't djoere yngrepen yn wegen en rioelestelsel net nedich binne. Neist de twa basisskoallen komme it pjutteboartersplak, de biblioteek en it sosjaal-kultureel wurk yn it sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)