Webside nei bedriging út de loft

08 jan 2004 - 00:00

De webside www.geenstijl.nl is troch reklameburo HSCG yn Ljouwert út de loft helle. Op de side waard direkteur Prins fan de Stichting Volksgezondheid en Roken (Stivoro) mei de dea bedrige. Stivoro soe ferkearde ynformaasje jaan oer it tal smokers dat ophâlde wol.

It reklameburo is de provider fan de side. Dat hâldt yn dat it bedriuw romte jout om nei eigen idee in webside te meitsjen. Mar HSCG wol net mei dizze útlittings yn ferbân brocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)