De Nije Kast spilet op Aaipop

© Omrop Fryslân
De Nije Kast is dit jier ien fan 'e bands dy't spylje sille op it Aaipop festival op Peaskemoandei yn Nijlân. It is in primeur, want De Nije Kast en ek foarrinner De Kast hawwe nea op Aaipop spile. Dat jildt lykwols net foar Jan Tekstra, want dy stie alris yn de harksankjesseal.
De presintaasje fan Aaipop wurdt dit jier dien Syb van der Ploeg. Njonken de Nije Kast spylje ûnder oaren Ramsk, Bombarje en Jitiizer op Aaipop.