FEC jout tsien meiwurkers dien

08 jan 2004 - 00:00

It FEC yn Ljouwert sil in tredde part fan it personiel ûntslaan. Tsien of miskien noch mear minsken krije dien fanwege it tekoart fan 2 miljoen dat ûntstie troch de tongblierkrisis fan 2001. Boppedat ferliest it FEC de selsstannichheid. It bedriuw giet op yn de Prins Bernhardhoeve fan Súdlaren.

Direkteur De Jong fan it FEC fielt him besoademitere troch gemeente en provinsje. Dy seine subsydzje foar de feemerk ta, dy't nea komme soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)