Keunstwurk oan de Potmarge

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt der in byld by. It komt oan de Potmarge. It is noch net dúdlik watfoar byld oft it wurdt: abstrakt of tradisjoneel. Ek is de keunstner noch net bepaald. In kommisje, mei dêryn buertbewenners, hâldt him der mei dwaande.
De gemeente hat in pear easken. Sa mei it byld boaten net hinderje, moat it oer it waar kinne en mei it net te djoer yn ûnderhâld wêze. Ljouwert lûkt 57.000 euro út foar it keunstwurk.