Cambuur wol yn linkerrychje

07 jan 2004 - 00:00

Cambuur moat dit seizoen yn it linkerrychje einigje fan de Gouden Gidsdivyzje, dus op syn minst 8ste of 9de. No steane de Ljouwerters 15de. Dy opdracht joech Cambuur-foarsitter Wietze Adema de spilers en trainers mei op de tradisjonele nijjiersresepsje.

Foar it nije seizoen wurdt ynset op in plakje by de earste seis. Trainer De Boer moat dat berikke troch twa toppers út de earste divyzje te heljen en twa út de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)