Nije gehoartest foar poppen

© Omrop Fryslân
De gehoartest by lytse poppen wurdt earder dien. Earder barde dat nei njoggen moannen. No bart dat al in pear dagen nei de berte. Mooglike problemen kinne sa gauwer behannele wurde.
De test wurket mei in apparaatsje yn it ear. Dêr kin mei oantoand wurde oft lûd weromkeatst wurdt troch it trommelflues. De gehoartest wurdt kombinearre mei de hielprik. Ek dy krije poppen as se in pear dagen âld binne.