Thússoarch wurdt te djoer

© Omrop Fryslân
In soad klanten sizze de thússoarch op. Se kinne de hegere kosten net mear betelje. Thússoarchorganisaasjes ha hûnderten telefoantsjes krigen oer de feroaringen sûnt 1 jannewaris. Neffens Het Friese Land wurdt de ûnrêst fral feroarsake troch de ûndúdlikheid dy't der no is.
De eigen bydrage foar de thússoarch is ferdûbele mar der wurdt nei it ynkommen fan de klant sjoen. Organisaasjes tinke noch mear ôfmeldingen binnen te krijen.