Nij metaalbedriuw nei Drachten

06 jan 2004 - 00:00

Op it bedriuweterrein A7 yn Drachten komt in festiging fan Jacquet. It Frânske metaalbedriuw begjint fan 't maitiid mei de bou fan it gebou. De direksje fan Jacquet ferwachtet dat der wurk komt foar tsien minsken.

It bedriuw keapet 6000 kante meter oan. Fierder is der opsje nommen op nochris 7000 kante meter. Mooglik ferhuzet it haadkantoar fan it metaalbedriuw ek nei Drachten. Dat kantoar is no festige yn Purmerend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)