Opfanghûs foar jeugd yn Burgum

06 jan 2004 - 00:00

De komst fan in opfanghûs foar jongeren hat yn Burgum foar ûnrêst soarge. De gemeente hie buertbewenners net ferteld dat De Twisken in hûs foar jongeren mei problemen wurde soe. Neffens Jeughulp Friesland soargje de 14 jongeren amper foar problemen.

De jeugd is tiisdei yn it gebou lutsen dat al twa jier leech stie. Der binne 20 keamers, in wenkeamer en in keuken. In ynspraakjûn yn novimber hat de measte twifels by omwenners fuortnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)