Minder abonnees foar deiblêden

06 jan 2004 - 00:00

De Ljouwerter Krante hat yn it tredde fearnsjier fan ferline jier 445 abonnees ferlern. Dat docht bliken út sifers fan it Ynstitút foar Media Auditing. Ek by it Frysk Deiblêd wienen der minder abonneminten. It giet om 195 abonnees.

It hiele ôfrûne jier gie it net goed mei beide kranten. Yn 2002 hie de Ljouwerter Krante noch hast 110.000 beteljende lêzers. Dat is no mei mear as 2000 weromrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)