Steatsboskbehear oer nei Grins

06 jan 2004 - 00:00

Steatsboskbehear Fryslân ferhuzet nei de stêd Grins. De tritich meiwurkers fan it Fryske haadkantoar yn Ljouwert gean mei oer. De haaddireksje wol in goedkeapere konsintraasje fan 'e trije noardlike kantoaren op ien plak.

It Fryske personiel hie Drachten as nij festigingsplak foar eagen, want dat leit sintraal yn 'e natuergebieten. Yn maart wurdt der in direkteur foar de nije noardlike regio beneamd. Dy sil de reorganisaasje útfiere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)