Soad âldjiersskea Achtkarspelen

06 jan 2004 - 00:00

De âldjiersnacht hat yn de gemeente Achtkarspelen ta in soad skea laat. Yn 'e gemeente is foar goed 6000 euro oan gebouwen en objekten fernield. Benammen yn Surhústerfean en Boelensleane gie it mâl.

Yn Surhústerfean hawwe ûnbekenden fjouwer bushokken sloopt. Yn Boelensleane waard skea oanbrocht oan it doarpshûs en oan 'e skoalle. De skea is folle grutter as ferline jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)