'Ljouwert hat jongereinprobleem'

06 jan 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert sit mei in jongereinprobleem troch de ôfbraak fan it wolwêzenswurk, seit boargemaster de Boer. Guon wiken hawwe bot lêst fan jongeren yn 'e foarm fan drugs- en drankgebrûk, racerij en yntimidaasje.

De Boer wol dat it wolwêzenswurk wer opboud wurdt en dan mear as it oanlizzen fan in hingplak of ombouwen fan in seekontener ta jeugdhonk. Mar ek de âlden moatte de bern yn 'e gaten hâlde en te plak sette, seit De Boer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)