MCL wol pasjintfreonliker wurde

06 jan 2004 - 00:00

Personiel fan sikenhûs MCL yn Ljouwert moat pasjintfreonliker wurde. Dat wol it bestjoer fan it sikehûs. Under sikehuzen is hieltyd mear konkurrinsje. Better mei pasjinten omgean is in goede manier om je posityf te ûnderskieden. Yn de rin fan dit jier krije pasjinten skoarekaartsjes, wêrop't se oanjaan kinne oft de service op nivo wie. Alle ôfdielings en personielsleden krije ek in tal persoanlike 'doelen' oangeande pasjintfreonlikens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)