Nije wetterskip fan start

05 jan 2004 - 00:00

It Nije Wetterskip Fryslân moat de romte krije om himsels te ûntwikkeljen. De provinsje moat dêr de romte foar jaan, sa fynt kommissaris Nijpels.

Nijpels joech moandei it offisjele startskot foar it nije provinsjale wetterskip dat ûntstien is troch in fúzje fan de seis wetterskippen dy't Fryslân oant no ta hie. By de nije organisaasje wurkje 600 minsken. In tal kantoaren binne sluten of ferhuze. De fúzje hat oardel jier duorre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)