Smokers moatte bedriuw út

05 jan 2004 - 00:00

Moandei wie foar in soad minsken wer de earste wurkdei yn it nije jier. De fraach wie hoe't it no mei it smoken kaam. Sûnt ien jannewaris mei yn bedriuwen net mear smookt wurde op de wurkflier. Bedriuwen lossen dat probleem op ferskillende wizen op.

By de Postbank moatte de smokers nei in soarte fan bushokje yn de bûtenloft. By Achmea moat it yn de kjeld op it binnenplak en it CJIB hat spesjale smokersromten ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)