Al 9 radarferklikkers ynnaam

© Omrop Fryslân
Al njoggen Fryske automobilisten ha in boete fan 250 euro krigen om't se in radarferklikker yn de auto hiene. Sûnt 1 jannewaris is sa'n detektor ferbean. De apparaten warskôgje autoriders foar snelheidskontrôles.
De plysje sil by gewoane kontrôles skerper tasjen op it yllegaal brûken fan radarferklikkers. Ien fan de njoggen trappearre automobilisten giet yn berop tsjin de boete en ynbeslachname.