Sirenes geane te let ôf

05 jan 2004 - 00:00

Krekt as yn Rotterdam binne ek yn Fryslân de sirenes moandei te let ôfgien. It moanlikse alarm moat om 12 oere presys test wurde, mar yn Fryslân wie dat 5 oant 8 minuten te let.

Neffens in wurdfierder fan de brânwacht rûn de klok yn Ljouwert net goed. Dy hie soargje moatten foar in sinjaaltsje oan de meiwurkers yn Ljouwert. Dy krigen te let yn de gaten dat se de sirene teste moasten. Earst moast doe in spesjale kompjûter opstart wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)