Smookferbod: Kinki hâldt op

05 jan 2004 - 00:00

Kinki Kapper Frank yn Ljouwert hâldt op fanwege it smookferbod yn syn saak. Sûnt 1 jannewaris is smoken yn iepenbiere romtes ferbean, útsein de horeka. By 'de Kinki' is smoken hiel gewoan. Klanten meie de peuken sels úttraapje op 'e flier. Eigner Frank hie in soarte fan kroechsfear foar eigen publyk yn syn saak.

Leafhawwers fan ekstreme kapsels kinne tenei yn Ljouwert bliuwe, want in kollega Kinki út Grins nimt de saak oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)