Ljouwerter Taptoe wint priis

05 jan 2004 - 00:00

De Taptoe fan Ljouwert is útroppen ta 'Taptoe fan it jier 2003'. Yn 2002 krige de Ljouwerter Taptoe dy titel ek al. Besikers fan de ynternetside Korpsmuziek.nl koene seis wiken lang stimme oer harren favorite taptoe.

De Taptoe fan Ljouwert krige 25 persint fan 'e stimmen. Twadde waarden dy fan Delft en Hilversum. De priis wurdt tiisdeitejûn útrikt oan de foarsitter fan de Ljouwerter Taptoe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)