Thomas tredde op NK sprint

© Omrop Fryslân
Marianne Timmer hat snein op de NK sprint de tredde (500 meter) en fjirde (1000 meter) ôfstân wûn. Se wie de rapste op de 500 meter mei in tiid fan 39,37. Annamarie Thomas waard sechsde mei in tiid fan 40,77. Op de kilometer siet Thomas fuort achter Timmer.
Marianne Timmer is foar de sechsde kear nasjonaal sprintkampioen. Tred yn it klassemint stiet Annamarie Thomas. Dat plak jout rjocht op kwalifikaasje foar it WK yn Nagano.