Flyers net yn finale

04 jan 2004 - 00:00

De Formido Flyers ha sneon net de finale fan bekerkompetysje helle. De iishockeyers fan It Hearrenfean ferlearen yn Eindhoven mei 5-6 fan Diamant út Tilburg. Nei twa perioades stiene de Flyers noch mei 4-1 foar. Troch de 1-4 yn de tredde perioade kamen beide ploegen gelyk. Yn overtime skoarde Tilburg nochris. Doe wie it út.

De finale gie snein tusken Tilburg en Amsterdam. Amsterdam Bulldogs wûnen mei 5-1. De stannen wienen 0-0, 1-1 en 4-0.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)