Oanridingen troch glêdens

© Omrop Fryslân
Troch de glêdens fan sneontenacht en sneintemoarn ha yn Fryslân 13 oanridingen west. Op de A31 by Marsum wienen fjouwer oanridingen. Twa minsken (in frou fan 30 út Ljouwert en in frou fan 49 út Marrum) rekken licht ferwûne. De rydbaan yn de rjochting Ljouwert wie sneintemoarn in skoft ôfsletten. Op It Hearrenfean moast in man nei it sikehûs nei't er op De Markt útgliden wie.
Yn it easten koe it ek yn de rin fan sneintemiddei noch glêd wêze.