Bergjen konteners wer staakt

© Omrop Fryslân
It bergjen fan de trije gifkonteners is sneontenacht staakt fanwegen min waar. Dat meldt Rykswettersteat. It bedriuw wie sneontejûn begûn mei de tariedingen foar it wurk.
De konteners mei it giftige arseenpentokside binne 21 desimber by stoarm fan in skip fallen. Se lizze 20 myl út de kust fan Flylân en Tessel. Nei alle gedachten wurdt it bergjen moandeitemoarn wer oppakt. It waar moat wol in pear dagen goed lykje.