30 tips oer Sietse Hofstra

03 jan 2004 - 00:00

Oer de fermiste Sietse Hofstra fan Boalsert binne freed 30 tips binnenkommen nei it televyzjeprogramma Tros Vermist. Dêrfan binne 5 tips brûkber, sa seit syn soan Ike Hofstra.

De 75-jierrige Sietse Hofstra wurdt al sûnt 13 desimber fermist. Hy is neffens de tips sinjalearre yn Boalsert, mar ek yn Utrecht en Rotterdam. Earder waard tocht dat Hofstra ferdronken wie. It Rak yn Boalsert is dêrom ôfsocht troch dûkers, sûnder resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)