'Havendagen wurde spektakel'

© Omrop Fryslân
De Fryske Havendagen yn Harns moatte in grut nautysk en kultureel spektakel wurde. Der moatte tûzenen minsken op ôf komme, dy't dan yn de kunde komme kinne mei de nije haven. Dat seit projektliedster Hilda Boesjes fan de Fryske Havendagen.
It evenemint sil hâlden wurde op 4, 5 en 6 juny. No al is in spesjale stifting dwaande mei de tariedings foar dizze trije dagen.