Nij kantoar Rabobank Frjentsjer

02 jan 2004 - 00:00

Rabobank Noardwest-Fryslân lit in nij haadkantoar sette yn Frjentsjer. It saneamde advyskantoar komt op terrein It Want oan de A-31. De bank hat kantoaren yn Harns, Frjentsjer, Menaam, Wytmarsum, Minnertsgea en de eilannen Flylân en Skylge.

Yn it nije kantoar komme 90 oant 100 fan yn totaal 170 meiwurkers te wurkjen. It kantoar wurdt oer twa jier yn gebrûk naam. Yn it sintrum fan Harns en Frjentsjer bliuwe lytse kantoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)