Ferdwining Boalserter yn Vermist

© Omrop Fryslân
It Tros-programma Vermist hat freedtejûn wiidweidich omtinken bestege oan de ferdwining fan de 75-jierrige Boalserter Sietse Hofstra. Hofstra ferdwûn sneontenacht 13 desimber nei't er foar it lêst sjoen waard yn Lunchroom Miedema yn de Boalserter binnenstêd.
De plysje tocht dat Hofstra ferdronken wie. Dûkers ha dêrom al trije kear It Rak yn Boalsert ôfsocht, sûnder dat dat wat oplevere.