Arno Brok wethâlder fan it jier

© Omrop Fryslân
Boargemaster fan Snits Arno Brok is útroppen ta wethâlder fan it jier fan Ljouwert. Op de weblog fan riedslid Thea Koster koene minsken de ôfrûne wike stimme op har favorite wethâlder. 33% fan de minsken stimde op Arno Brok.
Nuver genôch waard Tom van Mourik twadde. Van Mourik folge yn desimber Arno Brok op en hat hast noch net yn aksje west as wethâlder. GrienLinks- wethâlder Hetty Hafkamp waard lêste yn de ferkiezing.