Bou Bullepolder wer útsteld

31 des 2003 - 00:00

It bouwen fan wenten yn de Bullepolder by Ljouwert hat opnij slim fertraging oprûn. Dat komt troch de útspraak fan de rjochter woansdei, yn in saak dy't oanspand wie troch miljeudefinsje.

De gemeente wol yn de midden fan de polder sa gau mooglik begjinne te bouwen mei de earste 120 wenten. De bestjoersrjochter fynt lykwols dat der earst in ûndersyk komme moat nei de gefolgen fan de bou foar de smjunt. Dy einesoart komt dêr in soad foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)