Ekstra drokte by apteken

© Omrop Fryslân
Apteken hawwe it de lêste wiken drokker hân as gewoanwei oan de ein fan it jier. Op 1 jannewaris geane in oantal medisinen út it sikefûnspakket. Dêrom giene ferskate minsken by de apteek del om har medisinen foar dy datum noch ien kear goedkeap oan te foljen.
De belangrykste medisinen dêr't it om giet binne de antykonsepsjepil foar froulju boppe de 21 jier en ferskate selssoarchmiddels lykas kalktabletten.