Sipke Ernst 6e op skaaktoernoai

© Omrop Fryslân
Sipke Ernst is op it Harmonie- skaaktoernoai yn Grins tiisdei mei 4 punten einige op it sechsde plak. Yn de lêste wedstriid spile er remize tsjin Li út Sina.
Winner waard Friso Nijboer dy't syn lêste partij wûn fan Werle. Nijboer helle mei-elkoar 7 punten, in heale punt mear as Koersonov dy't tiisdei net fierder kaam as remize tsjin Michiels. Oan it Harmonie-toernoai diene tsien skakers op útnoeging mei.