Bysûnder guod op 'e Gordyk

© Omrop Fryslân
Twa gouden skûteltsjes, in leppeltsje fan goud en in gouden earmbantsje. Dy steane fan freed ôf sintraal by de ynbring- en ferkeaptentoanstelling fan Streekmuseum Opsterlân op De Gordyk. It gouden setsje moat neffens de taksateurs sa'n twa tûzenjier âld wêze en út de betide Romeinske tiid komme.
Organisator Kooistra fan it museum is út de skroeven mei de stikken en tinkt dat alles op syn minst trije tûzen euro opbringe sil.