Topdarters nei toernoai Hylpen

30 des 2003 - 00:00

De wrâldtoppers yn it darten komme op snein 1 febrewaris massaal nei Hylpen. Dêr is it slagge om toppers as Ted Hankey, Mervyn King, Martin Adams en Co Stompé te kontraktearjen. In grutte kâns dus dat de winner fan De Embassy, it offisjeuze wrâldkampioenskip dat takom wike yn Ingelân hâlden wurdt, derby is yn Hylpen.

Raymond van Barneveld en de Fries Rick Hofstra binne der net by yn Hylpen. Sy hawwe dan in oar rankingtoernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)