Tsjonger mei oalje fersmoarge

30 des 2003 - 00:00

De Tsjonger by Mildaam is tiisdei fersmoarge mei oalje. In sonken kruser soarge foar in kilometerlang oaljespoar yn it rivierke. Brânwacht en ynspekteurs fan Rykswettersteat lizze in skerm om de boat, mei dêr binnenyn in tekken dy't de oalje opnimt. Sa kin de oalje net fierder fuortstreame.

Fan wa't it boatsje is, is net bekend. De kruser kin dan ek noch net optakele wurde, om't dêr earst tastimming foar jûn wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)