Soad fragen oer syktefersekering

30 des 2003 - 00:00

Foar soarchfersekerder De Friesland binne it drokke dagen. No't 2004 foar de doar stiet, freegje in soad minsken hoe't se no krekt fersekere binne yn 't nije jier. In soad ekstra telefoantsjes dus foar de meiwurkers fan De Friesland.

Gewoanwei belje sa'n 1300 minsken op in dei, mar dat binne der no wol 2500. Fan ferlof of fakânsje is yn dizze tiid is dan ek gjin sprake foar in soad wurknimmers fan De Friesland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)