Posysje Akkrum kin better

© Omrop Fryslân
Privatisearring fan it wettersport- kompleks Tusken de Marren kin de posysje fan Akkrum as wettersportplak flink ferbetterje. Dat is de konklúzje fan it stiftingsbestjoer fan Tusken de Marren.
It bestjoer hat yn opdracht fan de gemeente Boarnsterhim ûndersocht wat de mooglikheden binne om de jachthaven en de kamping te privatisearjen. Foarop stiet dêrby dat it tal foarsjennings fan it kompleks ferbettere wurde.