Grut Aldjiersfeest yn Marsum

30 des 2003 - 00:00

Marsum pakt op Aldjiersnacht foar de sechsde kear út mei fjoerwurk en in disko. De measte doarpen slagje der net yn genôch jild byinoar te bringen foar in feest, mar de Marsumers wol. De Aldjiersploech helle 3000 euro op. It measte dêrfan giet yn in lyts kertier de loft yn.

Mar it besparret de mienskip ek jild, want der is yn de ôfrûne kearen amper wat fernield yn it doarp. It feest duorret oant 5 oere ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)