Marije-Maria wer ien yn top-40

30 des 2003 - 00:00

It nûmer Marije-Maria fan de Fryske band Reboelje stiet dit jier wer op nûmer ien yn de Fryske Top-40. Ferline jier stie Marije-Maria dêr ek al.

Op nûmer twa stiet Frysk Hynder fan Gryt Wiersma, sy komt fan it achtste plak. Shantykoar Rolling home sakket dêrtroch nei it tredde plak mei it liet Fries om Utens. Piter Wilkens is de artyst dy't it meast foarkomt yn de list dy't gearstald waard troch harkers fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)