Lusanne-grap wurdt net skrast

© Omrop Fryslân
It kabaretduo Lebbis & Jansen begrypt neat fan de opskuor oer de grappen dy't se meitsje oer Lusanne van der Gun. Yn harren âldjierskonferense sizze se dat it ûntfierde famke út Aldeberkeap net kreas genôch is om losjild foar te freegjen. Yn de resinsje fan de Volkskrant krigen se dêrom krityk.
"Lusanne is een schat van een meid. Ze vliegt in 20 seconden langs in een conference fan 70 minuten. Wat ik daar roep is een grap," sa seit Dolf Jansen.