Bushaltes fier bûten de doarpen

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Arum, Wûns, Grauwe Kat en Penjum komme yn aksje no't de bushaltes nei fier bûten de doarpen ferpleatst binne. Noordned wol dêrmei dat de bus earder yn Frjentsjer is. Der binne ek gjin hokjes om te skûljen by min waar.
Doarpsbelang Arum hat al in brief skreaun oan de ferfierder en oan Deputearre Steaten. Noordned wol noch net yngean op de kwestje. Begjin jannewaris prate Wûnseradiel en de provinsje oer de saak.