Utstalling oer hurdfytsen

29 des 2003 - 00:00

Ald-hurdfytscrack Hennie Kuiper hat moandei yn Surhústerfean in útstalling oer hurdfytsen iepene. Yn in rekordtiid fan twa moanne binne unike stikken sammele foar 'Gouden renners, gouden sporen'. Lokaasje foar de útstalling is it Munt- en Penningkabinet.

De samling bestiet út kampioenstruien, bekers en gouden medaljes. Bysûnder stik is de legendaryske racefyts, wêrmei't Wim van Est by de Tour De France fan 1951 it ravyn ynried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)