Mear fjoerwurkoertreders

© Omrop Fryslân
In sechstich Fryske jongeren hawwe oant no ta in taakstraf krige foar it ôfstekken fan fjoerwurk. Dat binne mear as ferline jier om dizze tiid hinne.
Fjoerwurk mei pas ôfstutsen wurde fan 31 desimber tsien oere moarns ôf. Jongeren fan tolve oant achttien jier dy't har dêr net oan hâlde, moatte in boete betelje. Of se moatte op 1 en 2 jannewaris meihelpe mei it opromjen fan de fjoerwurrkrotsoai. It buro Halt koordinearret de taakstraffen.