Fersmoarging troch algemiddel

29 des 2003 - 00:00

De Waadsee rekket mear en mear fersmoarge mei anty-algestoffen. Dy alarmearjende warskôging siet yn it Jierboek Waadsee fan Rykswettersteat.

Yn july waard in oar middel tsjin algegroei ferbean, om't it fergiftich wêze soe. De alternative stoffen, dy't no tastien binne, soargje no ek foar fersmoarging. Neffens de Waadferiening kinne de skippen ek ôfboarstele wurde of kin keazen wurde foar djoerdere miljeufreonlike stoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)