Seekonteners ha stjoerder nedich

© Omrop Fryslân
Seekonteners moatte tenei stjoerderkes ynboud krije sadat se opspoard wurde kinne as oerboard slane. Dat seit VVD- Europarlemintariër Herman Vermeer.
Vermeer reageart dêrmei op de problemen mei de trije konteners mei pestisiden, dy't oardel wike lyn yn in stoarm op 'e Noardsee fan in skip fallen binne. As dy lekslane, kin dat in soad skea oanrjochtsje oan it miljeu. Mei in stjoerderke wiene se miskien fûn, sa tinkt Vermeer.