Promoasje regiotaksy súkses

29 des 2003 - 00:00

In promoasjekampanje fan de gemeente om mear minsken yn de regiotaksy yn Achtkarspelen te krijen, hat fertuten dien. Yn novimber hat in kwart mear minsken gebrûk makke fan de taksy as yn oktober.

De regiotaksy is in foarm fan iepenbier ferfier, wêrby't minsken nei in bus- halte of treinstasjon brocht wurde. Ek kin men fan it eigen adres nei in oar adres reizgje as de ôfstân net mear as 15 km is. De regiotaksy rydt sûnt april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)