Fertochten sjitterij oanholden

29 des 2003 - 00:00

De plysje hat yn Winschoten trije fertochten oanholden fan de sjitpartij op 20 desimber yn in kafee oan de grote Hoogstraat yn Ljouwert. By dy sjit- partij waard in 18-jierrich famke, dat by tafal foarby kaam, yn 'e foet rekke.

De fertochten binne dit wykein oanholden. Yn de auto dêr't se yn sieten, waard in wapen fûn. Undersocht wurdt oft dat it wapen is dêr't yn Ljouwert mei sketten waard. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)