Sipke Ernst wint fan Dambacher

29 des 2003 - 00:00

Yn it Harmonie-skaaktoernoai yn Grins hat Sipke Ernst snein yn de sânde omloop wûn fan Dambachter. Dat barde mei in fariant fan de Katalaanske iepening. Dy fariant wurdt troch de teory as ûnskuldich foar swart bestimpele, mar romtegebrek en in toer waarden Dambacher úteinlik needlottich.

Ernst stiet mei 3 punten op in dield sechsde plak. Koernosov en Nijboer spilen beide remise en binne mei 5 punten koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)