Kurnosov te sterk foar Ernst

28 des 2003 - 00:00

Yn de sechsde ronde fan it Harmonie- skaaktoernoai yn Grins wie Kurnosov gau klear mei Sipke Ernst. Nijboer en Gagunashvili moasten dêrtroch winne om lyk op te bliuwen mei de Rus. Nijboer slagge dêryn, Gagunashvili spile remise.

Jan Werle fan Beetstersweach fielde him noch te siik om mei te dwaan. De Sinees Li koe dêrtroch in maklik punt helje. Sipke Ernst joech nei 20 setten op, om't der neat fan syn posysje oer wie. Hy spilet snein tsjin Martijn Dambacher.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)